Protesten net takend

17 jul 2003 - 00:00

De sjueryleden fan de SKS hienen it woansdeitejûn mar dreech. De skippers Douwe Visser (fan Snits) en Ale Zwerver (De Lemmer) hienen tsjin elkoar in protest yntsjinne. Om't se beide in oar ferhaal by deselde sitewaasje hiene koe de sjuery net beslute wa't gelyk hie.

De tsjûge dy't Snits oprôp, yn de persoan fan Anne Tjerkstra, koe ek net folle bydrage oan helderheid. Lang om let waard gjin protest takend en krige net ien 14 strafpunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)