Kapper en fytsemakker djoerder

© Omrop Fryslân
Kappers en fytsemakkers wurde takom jier djoerder. Nei alle gedachten bringe sy dan 19 persint BTW yn rekken ynstee fan de seis persint dy't de klant no betellet.
De ôfrûne fjouwer jier is der ekspirimentearre mei in leger BTW-taryf om mear banen te kreëarjen yn de kappers- en fytsemakkersbrânzje. Om't dat net slagge is, moat neffens de Europeeske Uny it normale taryf fan 19 persint wer ynfierd wurde.