Nynke Klopstra nei Japan

© Omrop Fryslân
Judoka Nynke Klopstra fan Gytsjerk is selektearre foar it wrâldkampioenskip judo yn Osaka, Japan. De 30-jierrige Klopstra komt út yn de klasse oant 48 kilo.
Op it WK kin Klopstra in nominaasje fertsjinje foar de Olympyske Spullen fan 2004 yn Athene. Dan moat se wol by de earste fiif einigje. Klopstra kaam earder dit jier al út op it Europeeske Kampioenskip yn Düsseldorf. Dêr einige se as sande.