Ambulânsepersoniel: ultimatum

17 jul 2003 - 00:00

In grut part fan it partikuliere ambulânsepersoniel yn it Noarden is ree om te staken. By in aksjegearkomste woansdeitejûn yn Drachten waard der unanym ynstimd mei in ultimatum oan de wurkjouwers. As de wurkjouwers net op de easken fan de fakbûnen yngean, folgje der ein july of begjin augustus nei alle gedachten aksjes.

De CAO-ûnderhannelings binne fêstrûn op de eask de VUT-leeftyd oan te passen oan dy yn de publike sektor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)