Man ferdronken yn kanaal

17 jul 2003 - 00:00

In 34-jierrige man fan It Hearrenfean is woansdeitejûn ferdronken yn it kanaal yn syn wenplak. Hy krige nei alle gedachten in epileptyske oanfal doe't er oan de wâl siet. Hy swaaide mei de earms en foel yn it wetter. Syn freondinne, dy't dôf is, hat twa oeren lang mei gebaretaal besocht oandacht te lûken. Om 'e nocht.

In dûkteam fan de brânwacht hat it stoflik omskot út it wetter helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)