Grut tal snelkreaken oplost

16 jul 2003 - 00:00

Mei it oanhâlden fan sân fertochten hat de plysje mear as fjirtich snelkreaken yn de trije noardlike provinsjes oplost. De fertochten binne tusken de 19 en de 40 jier en wenje yn ferskillende asylsikerssintra. Sy wiene út op sigaretten en tillefoankaarten.

De skea leit boppe de 50.000 euro. Fan it stellen guod is net folle weromfûn. It ûndersyk giet noch troch en de plysje tinkt dat der noch mear oanhâldingen folgje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)