Omrop freget stipe oan provinsje

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân hat noed oer de takomst fan de regionale radio en televyzje. De finansjele sitewaasje is soarchlik. Dat stiet yn it jierferslach. De Omrop freget de provinsje alle jierren in stipe fan hast in miljoen euro.
Freed stapt de Omrop nei de rjochter yn Den Haach. De eask is wer út te stjoeren fia de mêst yn Jirnsum en net fia Smilde yn Drinte. Fia Jirnsum kinne alle Friezen de programma's goed ûntfange. Dat is no net it gefal.