Deade einen troch botulisme

© Omrop Fryslân
Tsientallen einen yn Ljouwert en op de Hommerts ha botulisme. Mei de hege temperatueren ûntwikkelt it firus dat de sykte feroarsaket him hurd. Foaral op plakken mei stilsteand wetter rinne de bisten risiko.
Minsken moatte sike of deade einen net oanreitsje. It firus kin gefaarlik wêze foar minsken. De fûgelwacht of it wetterskip bringe de sike bisten nei in opfangsintrum. Swimme yn wetter dêr't botulisme yn sit, wurdt ôfret.