Toeristen skiede ôffal net goed

© Omrop Fryslân
Toeristen op It Amelân skiede har ôffal net goed. De gemeente wol de fakânsjegongers mei foarljochting stimulearje om glês, âld papier en GFT te skieden. It is better foar it miljeu en it besparret jild. No moatte jiskemannen sels de smoargens skiede.
Yn de simmer hat it eilân fjouwer kear safolle ôffal. No giet 240 ton ôffal yn de moanne op de boat. Mei persweinen wol de gemeente it guod kompakter meitsje om sa ek mear te besparjen.