Tourdielnimmers nei Profronde

15 jul 2003 - 00:00

Alle Nederlânske Tour-dielnimmers komme nei de Profronde fan Surhústerfean. Alteast, dêr giet de organisaasje fanút. Der wurdt besocht om alle sân Nederlânske dielnimmers oan de Tour de France nei Surhústerfean te krijen.

Op 5 augustus moatte de folgjende manlju oan de start ferskine: Michael Boogerd, Bram de Groot, Leon van Bon, Servais Knaven, Koos Moerenhout, Remmer Wielinga en Marc Lotz. Se krije de kontrakten tiisdei foarlein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)