Stipe foar Auke de Sloper

© Omrop Fryslân
Auke Visser, alias Auke de Sloper, krijt finansjele stipe foar de skea dy't er oanrjochte hat yn it Cambuurstadion. Earder dizze wike fernielde hy mei syn bestelweintsje it keunstgersfjild-yn-oanlis. De club driget no mei in skeaclaim.
Eigner Jappie Faber fan kafee It Hoekje op 'e Weaze hat 1000 euro foar Auke donearre. Visser hat in advokaat yn 'e earm nommen. Mooglik krijt de ferstokte Cambuurfan ek in stadionferbod.