Wer gebou kreake yn Ljouwert

14 jul 2003 - 00:00

Op 'e nij ha kreakers in leech gebou yn Ljouwert beset. It monumintale gebou stiet yn it Arendstúngebiet. De kreakers wolle it fertutearze gebou opknappe om der yn te wenjen. Der wurdt al jierren praat om djoere filla's yn it gebiet te bouwen. Konkrete plannen binne der net.

Kreakers ha de ôfrûne moannen al mear gebouwen yn Ljouwert beset. Ien derfan wie it âld-kantoar fan makeldear Roelof Steinvoorte oan it Zuiderplein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)