Feanhoop-festival wol oare koers

14 jul 2003 - 00:00

It Feanhoop-festival wol mear wêze as inkeld in sûpfeest. De organisaasje wol in grutter ferskaat oan bands op it programma ha en earder op sneon begjinne. De gothic band Within Temptation spile snein op it festival en luts oare besikers as de Normaal-fans dy't alle jierren komme.

De besikers wolle net dat der folle feroaret. Se komme foaral foar it feest en it bier, dat net inkeld dronken wurdt mar dêr't ek mei smiten wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)