Aksje tsjin swartriders helpt

© Omrop Fryslân
Bekende swartriders yn it Noarden keapje tsjintwurdich kreas in kaartsje foar de trein. Noordned en de NS hienen fyftjin minsken dy't faak sûnder ferfiersbewiis reizgen in brief stjoerd. Se waarden warskôge dat se har by in nije oanhâlding ferantwurdzje moasten foar de rjochter. Sûnt dy aksje hâlde swartriders har oan de regels.
Noordned, NS en plysje binne fernuvere oer it sukses. Se hiene net tocht dat de maatregels sa gau fertuten dienen.