Himpkwekerij op 't Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Yn in garaazje fan in partikulier oan 'e Merk op It Hearrenfean is in himpkwekerij oprôle. De yllegale plantaazje waard ûntdutsen troch de brânwacht. Dy waard roppen om't de boks yn 'e brân stie. Der stiene 200 planten en fierders wie der apparatuer.
De garaazjeboks is eigendom fan in 74-jierige ynwenner fan It Hearrenfean. Oan't no ta wit de plysje inkeld dat de planten en de apparatuer noch mar in pear dagen stiene.