Pijper en Bos dogge it goed

© Omrop Fryslân
Theo Pijper fan Rinsumageast is snein earste wurden yn de B-finale fan de tredde wedstriid fan it WK gersbaanracen op de lange baan. Uppie Bos fan Jobbegea waard twadde yn dy finale. De winst yn it Frânske Marmande wie foar de Brit Kelvin Tatum.
Pijper stiet no sande mei 35 punten yn de stân om it wrâldkampioenskip. Bos stiet alfde mei 26 punten. Lieder is de Dútse Robert Barth mei 68 punten. Der folgje noch trije wedstriden.