Spijkerman 88e yn Ronde Italië

© Omrop Fryslân
Bertine Spijkerman fan St. Nyk is 88e wurden yn 'e Ronde fan Italië. Se finishte snein yn 'e ôfslutende tiidrit as 30e op 2.07 fan 'e winnares, de Nederlânske Loes Gunnewijk. Winnares fan it klassemint waard de Switserske Nicole Brändli. Spijkerman einige yn it totaal op in achterstân fan 1.20.19.
De Fryske hurdfytsster begûn goed yn 'e Ronde fan Italië mei winst op 'e prolooch. Se waard fierders twadde yn twa etappes.