Identiteit fan 'Sven' is bekend

14 jul 2003 - 00:00

De saak fan de man dy't net wist wa't er wie, is oplost. Twa wiken lyn dûkte de man yn Ljouwert op. Hy wie bot yn de war en wist inkeld dat er Sven hiet. It docht bliken dat it in man út Drachten is fan 28 jier. Syn famylje miste him al in skoft.

Nei in oprop yn media hat de heit fan de man kontakt opnaam. 'Sven' is no wer thús by syn heit en mem. Hy stiet ûnder medyske begelieding. De man hat tajûn dat er it geheugenferlies optocht hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)