Hearrenfean tsjin Lierse SK
Sportklub Hearrenfean spilet oankommende sneon yn 'e tredde ronde fan de yntertotokompretysje tsjin Lierse SK. De Belgen wûnen sneontejûn mei 5-1 fan Sloboda Tuzla út Bosnië-Herzegovina. Dat wie genôch om it ferlies út de earste wedstriid (1-0) goed te meitsjen.
SC Hearrenfean begjint mei in thúswedstriid tsjin Lierse SK.