Snits wint earste SKS-wedstriid

12 jul 2003 - 00:00

It skûtsje fan Snits hat sneon de earste wedstriid fan it SKS-silen fan dit jier wûn. De wedstriid wie op 'e Pikmar by Grou. Doel wie op 'e mar te starten, mar dat koe op it lêste momint troch de wynrjochting net trochgean. Achter Douwe Visser einige Wâldsein op it twadde plak. Langwar waard tredde. Winner Douwe Visser waard ferline jier kampioen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)