Opnames film Opera Spangea

© Omrop Fryslân
De ploech fan Opera Spangea is sneon yn it stedskantoar yn Ljouwert dwaande mei de opnames foar de film en opera 'Buwalsky'. Dizze kombinaasje fan film en opera wurdt takom jier fertoand.
Yn 'Buwalski' rinne film en opera yn inoar oer, lykas eardere stikken fan Opera Spangea as 'Aïda' en 'Blauwbaards Burcht'. Dit jier komt Spangea mei de opera Rigoletto. Dit stik stiet ek op film en sil op grut doek fertoand wurde.