Man fûn dy't net wyt wa't er is

12 jul 2003 - 00:00

De plysje is op syk nei de identiteit fan in man, dy't op 1 july op de Nijstêd yn Ljouwert fûn is. De man wyt sels net mear wa't er is, allinne dat syn foarnamme Sven is.

It giet om in man fan 1,92 meter lang, mei in keale holle en grize eagen. De man praat Nederlânsk. De plysje freget minsken dy't ynformaasje oer de man hawwe, kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)