Byienkomst Jehova's Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Goed 7000 Jehova tsjûgen binne dit wykein yn Thialf op It Hearrenfean by inoar foar har jierlikse kongres. Neist sjongen en bibelstúdzje wurde ek tsientallen nije leden doopt.
De tiid fan de Jehova dy't de foet tusken de doar set, is neffens de organisaasje oer. As minsken de boadskip net hearre wolle, dan geane se sûnder problemen in doar fierder, sa seit de organisaasje. It kongres is foaral in sosjaal barren.