Trochstart foar Noppert

11 jul 2003 - 00:00

It fallite leanbedriuw Noppert yn Skarsterbrêge makket in trochstart yn ûnderdielen. It leanbedriuw wurdt mei fiif oant tsien minsken trochset op de hjoeddeistige lokaasje. Dat bart ûnder lieding fan twa soannen fan âld-direkteur Noppert.

Fjouwer oare ûnderdielen geane nei de Jouwer ta, ûnder lieding fan in nije direkteur. Dêr is op termyn wurk foar fyftich oant santich minsken. Earder wurken der by Noppert hûndert minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)