Mooglik ferfolch op Kameleonfilm

© Omrop Fryslân
De produsint fan de film 'De schippers van de Kameleon' sil besjen oft der in twadde film makke wurde kin. Dy film soe dan as titel 'Kameleon, ahoy' krije moatte. De ferfilming fan it earste diel fan de boekerige, dy't him ôfspilet yn Fryslân, is in grut sukses.
Nei twa wiken hawwe al mear as 200.000 minsken de film yn de bioskoop sjoen. De Kameleonfilm sil fan nije wike ôf ek yn België te sjen wêze.