Replika sleepboat op Skylge

11 jul 2003 - 00:00

De seesleper Holland 1 is sûnt freed einlings werom op Skylge. It giet om in replika dy't spesjaal foar museum It Behouden Huys makke is. De Holland wie ien fan de wichtichste bergingsboaten fan rederij Doeksen yn de jierren '30.

Benammen troch syn snelheid en moderne útrêsting hat de boat in protte minsken en skippen rêde kind. Fan sneon ôf is de Holland te bewûnderjen yn museum It Behouden Huys op Skylge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)