Slachtplak fûn Eaststellingwerf

10 jul 2003 - 00:00

By Jardinga yn Eaststellingwerf hat yn de prehistoarje in slachtplak west. Dat konkludearje argeologen út Grins no't se opnij skonken en in fjoerstien út 5000 foar Christus fûn ha. De skonken binne fan in okse en in hart.

Boppedat wiene de skonken mei skerpe foarwerpen bewurke, nei alle gedachten mei de fjoerstien. Dat is reden genôch om oan te nimmen dat op dat plak jagers har fangst slachten. It is al de twadde kear dat op dat plak fynsten dien wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)