Wurk Rispens yn tsjerke Wierum

10 jul 2003 - 00:00

It libbenswurk fan Jo_Rispens sil permanint útstald wurde yn ´e eardere grifformearde tsjerke yn Wierum.It gebou is opkocht troch it echtpear Bijlsma fan Frjentsjer.

De skilderijen dy´t Rispens makke hat oer de skepping en it bibelboek Iepenbieringen komme yn de tsjerke te hingjen. Rispens wurke oant syn dea ferline jier as keunstner op noch gjin twa kilometer fan de tsjerke ôf yn Nes. It museum sil yn desimber iepengean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)