Minder toeristen jouwe minder út

09 jul 2003 - 00:00

Der binne oant no ta minder Dútse toeristen as oare jierren op de Waadeilannen. De oarsaak soe de minne ekonomy wêze kinne. Mar it kin ek komme trochdat de fakânsjes yn Noordrijn- Westfalen letter as oars begjinne. Dat is it gebiet yn Dútslân dêr't de measte Dútske toeristen weikomme.

De toeristen dy't wol komme, jouwe minder jild út as oare jierren. Der wurde ek hieltyd kritysker fragen steld foar't de boeking definityf makke wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)