55-jierrige man fermist

© Omrop Fryslân
De plysje siket nei de 55-jierrige Berend Voet fan Surhústerfean. De man wurdt sûnt sneintejûn fermist. Voet is nier-pasjint en hat trije kear yn de wike in behanneling yn it sikehûs nedich. Hy hat him ôfrûne moandei net melden yn it sikehûs.
Voet hat in snor, koart griis/donker hier en is 1,90 meter lang. Hy mist in tal fingertoppen fan de linkerhân. Minsken dy't Voet sjoen ha oft wite wêr't er is, kinne de plysje belje.