Gjin kobben yn de Stellingwerven

09 jul 2003 - 00:00

Yn it Fochteloërfean, Diakonyfean, de Rottige Meenthe en de Brandemar yn de Stellingwerven binne de briedkoloanjes fan de kobbe ferdwûn. Dat skriuwt natuerleafhawwer Scheenstra yn it tydskrift fan de jagersferiening It Frije Fjild.

Scheenstra lûkt syn konklúzjes ûnder mear út eigen observaasjes yn de ôfrûne winter. Doe wie der gjin inkelde kobbe, wylst se der oars by de rûs wiene. De foks of te min iten kin de oarsaak wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)