Cambuur wint mei 13-0

09 jul 2003 - 00:00

Cambuur hat tiisdei mei 13-0 wûn fan Skearnegoutum. Yn de earste helte skoarde de Fin Miika Ilo trije kear. Yn de twadde helte, doe't der in hiel nij alvetal stie, wiene it Jan Bruin en Dominique van Dijk dy't beide trije kear skoarden. Ferline wike wûn Cambuur ek al mei 12-0 fan DTD út Jelsum.

Ein juny makke Cambuur bekend trije nije spilers oankocht te hawwen, wêrûnder Ilo. De 21-jierrige spits komt fan Stormvogels-Telstar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)