Deadlik ûngemak mei trekker

09 jul 2003 - 00:00

In 14-jierrige jonge út Hylpen is tiisdeitemiddei om it libben kommen doe't er mei de trekker yn de sleat bedarre oan de Groote Wiske by Hylpen. Hy wie oan it wurk op it lân fan syn omke, in 34-jierrige ynwenner fan Koudum.

De man fûn de trekker mei de kabine ûnder wetter. De jonge waard troch syn omke en oare famylje út de kabine helle en is mei de ambulanse nei it sikehûs fan Snits brocht. Dêr is er ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)