Nije Máxima-flagge

© Omrop Fryslân
De Dokkumer Flaggesintrale komt yn septimber of oktober mei in nije Máxima-flagge. Tema fan de flagge is de útwreiding fan it gesin fan Willem-Alexander en Máxima. Op it stuit dat it bedriuw mei de flagge komt, is de soan of dochter der noch net.
Dat betsjut dat se kreatyf wêze moatte mei it ûntwerp. Der komme al ydeëen binnen foar de flagge, mar dêroer wol it bedriuw noch neat kwyt. It moat wol in stylfolle flagge wurde.