Gytsjerk tsjin heechbou

08 jul 2003 - 00:00

Ynwenners fan Gytsjerk hawwe fjouwer- hûndertfyftich hantekens sammele tsjin heechbou yn de kearn fan it doarp. De gemeente hie dêr yn juny plannen foar presintearre. By de iisbaan moatte hier-en keapwenten komme. Neffens in aksjekomitee binne dy wenten, mei soms acht etaazjes, fierstente heech.

It aksjekomitee wol dat der mear alternativen presintearre wurde. Dat moatte dan wol legere gebouwen wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)