Fryske Siameeske twilling

© Omrop Fryslân
De mislearre operaasje fan 'e Iraanske Siameeske twilling wie tiisdei it petear fan 'e dei. De beide susters oerlibben de yngreep net.
Wat in soad minsken net witte is dat krapoan 50 jier ferlyn de skieding fan in Fryske Siameeske twilling wrâldnijs wie. Dy operaasje slagge wol. Folkje en Tsjitske út Mûnein wenje no yn Amersfoort, sûnt koart yn itselde hûs. De Fryske Siamezen sieten mei de lyfkes oaninoar.