Fogelsanghstate wer iepen
Nei in restauraasje fan twa jier is Museum Fogelsangh State yn Feankleaster wer iepen. Der kin no ek troud wurde en der komme eksposysjes, konserten en lessen foar skoalbern.
By de wurksumheden kamen in pear ferrassings foar it ljocht. Sa binne der ieuwenâlde putten fûn en kaam achter it behang in pronkbuffet tefoarskyn. De state út 1648 is yn 1873 foar it lêst restaurearre foar in besite fan Kening Willem III.