'Toeristen skiede ôffal te min'

© Omrop Fryslân
De gemeente It Amelân sil meikoarten ôffal fan toeristen ûndersykje. De gemeente wol witte hoe wat foar soart smoargens bewenners en gasten fan it eilân weismite.
No is al dúdlik dat benammen de toerist suver neat docht oan it skieden fan ôffal. Sa komt it geregeld foar dat se griente yn 'e bak foar it 'gewoane ôffal' smite. Stekproeven moatte útwize hoe goed it ôffal skieden wurdt.