Helmholt wint thúsljepwedstriid

© Omrop Fryslân
Bart Helmholt wûn moandei foar eigen publyk it fierljeppen yn Burgum. Mei 17.91 m. wie er fierwei de bêste. Allinnich Egon van Kammen út Feanwâlden kaam noch yn de buert mei 17.73 m. Tredde waard Ronald van den Berg fan Grou mei 16.82 m.
By de froulju gie de winst nei Antke van der Wal út Grypskerk mei 13.99 m. By de jongens wûn Piet Scherjon fan Burgum en by de junioaren doarpsgenoat Ale Hoekstra.