Snitsers pakt foar mishanneling

© Omrop Fryslân
Twa jongens út Snits haw harren it ôfrûne wykein bot misdroegen. Tusken Nijlân en Ysbrechtum hâlden sy in skooterrider (27) út Snits oan en mishannelen him. Noch gjin oere letter berôven se by it Tolhûs by de ôfslach Folsgeare in jongeman (20) út dat doarp.
Ut ferklearrings fan 'e slachtoffers koe de plysje al gau opmeitsje dat it om bekenden gong. De beide Snitsers binne snein oanhâlden en hawwe bekend.