Earste negativen samling ôfdrukt

© Omrop Fryslân
De man fan in miljoen negativen. Dat wie de bynamme fan de ferline jier ferstoarne Ljouwerter fotograaf Dick van der Heijde. Van der Heijde liet in wrâld oan foto's achter fan de stêd, bedriuwen en minsken, mar wol op negativen. Moandei binne de earste foto's ûntwikkele.
It Histoarysk Sintrum Ljouwert hat de mear as 700.000 negativen krigen. Dat wol it grutste part digitalisearje en tagonklik meitsje foar eltsenien.