Foet fûn op Skylge

07 jul 2003 - 00:00

Twa kuierders ha sneontemiddei op it strân fan Skylge in lugubere fynst dien. Sy fûnen by Peal 21 in skoech mei in foet deryn.

De kuierders ha de fynst by de plysje melden. Dy hat it trochjûn oan de ôfdieling fermiste persoanen fan de lanlike plysje. De fynst giet no nei it gerjochtlik laboratoarium yn De Haach. It dna wurdt fergelike mei dat fan fermiste persoanen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)