Ynbraak yn Dokkum

07 jul 2003 - 00:00

By in ynbraaak yn in winkel yn 'e Heechstrjitte yn Dokkum is foar tûzenen euro's oan apparatuer stellen. Dat wie om in oere as 4 nachts. In tsjûge warskôge de plysje en dy wie der yn hiel gau. De ynbrekker wie doe al útnaaid yn de rjochting fan 'e Gasthússtrjitte.

De dief hie in fitrine fernield 25 digitale kamera's en fyftjin fideokamera's meinommen. De totale wearde leit om de 25.000 euro hinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)