Alde boaten ek foar partikulier

© Omrop Fryslân
Partikulieren kinne no ek farre op de histoaryske sylskippen dy't oer de Iselmar sile. De skippen wiene earst allinnich iepensteld foar groepen. De toeristen meie kieze oft se aktyf meisile of harren deljaan wolle.
Der kin opstapt wurde op fjirtjin plakken oan of by de Iselmar. Yn Fryslân binne dat Snits, Makkum, Starum en Warkum en de Lemmer. It bedriuw Sailtrack krige yn maaie stipe fan de provinsjes om it projekt op te setten.