Nije tegels op alvestêdebrechje

© Omrop Fryslân
Der wurde ein augustus nije tegels oanbrocht op it alvestêdebrechje by Gytsjerk. Goed 1100 reedriders komme derby oan de binnenkant fan de brêge. De tegeltsjes hiene al yn juny oanbrocht wurde sillen. Dat slagge net fanwege problemen by tegelbakker Tichelaar yn Makkum.
De brêge moat yn 2009 mei 10.000 tegels klear wêze. Alle tegels litte in rider sjen dy't de tocht dien hat. Meiïnoar foarmje se in byld fan reedriders.