Visser bout troch oan NAVO-tank

07 jul 2003 - 00:00

Karosserybouwer Visser yn Ljouwert sit net yn noed oer de oarder dy't se op dit stuit útfiere foar definsje. It fabryk makket in tank fan it type 'bokser'. Moandei kaam yn it nijs dat it nei alle gedachten te djoer wurdt. It soe gean om miljoenen.

De bokser is in gearwurkingsprojekt tusken Dútslân, Ingelân en Nederlân. Ingelân tinkt der no oer om derút it te stappen. It projekt soe dan te djoer wurde foar de twa oare lannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)