Friezen dogge net gau oanjefte

© Omrop Fryslân
Friezen geane net gau nei de plysje om oanjefte te dwaan. Dêrtroch kinne ûndersiken nei kriminaliteit fêstrinne. Dat docht bliken út de saneamde Politiemonitor 2003, in ûndersyk nei wat minsken fine fan de plysje.
Der binne 10.000 ynwenners fan Fryslân ynterviewd. It docht bliken dat Friezen har feiliger fiele as minsken yn de rest fan it lân. Opfallend yn it ûndersyk is dat de stellerij fan beurzen mei geweld tanommen is.