'Kusje en weg' yn Flaanderen

© Omrop Fryslân
Ferkearsbuorden mei it opskrift 'kiss and ride' moatte yn Flaanderen oerset wurde. In bestjoerslid fan de Flaamsk- nasjonalistyske partij NV-A dy't in klacht yntsjinne hie, is yn it gelyk steld. Neffens de taalwetjouwing hawwe de boargers rjocht op it Nederlânsk.
'Kiss and ride' betsjut dat in autobestjoerder efkes hohâlde mei om in passazjier ôf te setten. Parkeare mei net. It wurdt no oerset mei 'kus en rij' of 'kusje en weg'.