Ruten azc Hearrenfean ynsmiten

© Omrop Fryslân
De plysje hat snein op It Hearrenfean trije manlju ynsluten, omdat se fertocht wurde fan it fernielen fan ruten yn it azc. De manlju makken diel út fan in groep Angolezen en en groep Turken. Beide groepen hiene rûzje mei- noar.
De bewakers fan it azc hawwe de trije mannen fan 21, 41 en 29 jier oppakt en oan de plysje oerdroegen. It is noch net dúdlik wat de oarsaak fan de swierrichheden is.