Van der Burg tredde yn Brabân

© Omrop Fryslân
Germ van der Burg fan Folsgeare is it ôfrûne wykein tredde wurden yn de topkompetysjewedstriid Ronde fan Midden-Brabân. Yn de earste etappe waard er njoggende. Dêrnei folge in moai twadde plak yn de tiidrit. Yn de tredde en lêste etappe waard er achtste.
Yn it einklassemint hie Van der Burg in achterstân fan 12 tellen op winner Jeroen Boelen. Sieger Haakma waard 17e, Maint Berkenbosch 24ste en Sierk-Jan de Haan 36e.